12/01/2025
It wie ris yn Marrum...
Der wie in Frysk garageheld, Andries, dy't bekend stie om syn gouden hannen en in hert sa grut as de Waadsee. Op in reinige moarn stie in Lynk & Co, mei banden sa flak as in pannekoek, stil oan de kant fan 'e dyk. De bestjoerder, in wanhopige klant fan Enterprise, wist net wat er dwaan moast.
Andries, mei syn skerpe each foar problemen, sprong yn aksje. Mei in glimk fan "ik ha dit wol efkes" luts er de auto syn garaazje yn. Hy joech it earst nije banden, doe't er seach dat de ruitenwissers ek fersleten wiene, feroare hy dy ek mei gemak. Mar Andries wie net klear. "In auto moat net allinne feilich wêze, mar ek blinke as in pronkje!" sei er. Hy makke de Lynk & Co fan binnen én fan bûten sa skjin, dat sels de sinne yn Fryslân der jaloersk op wie.
Nei't it akkoartnûmer einliks binnen wie, sei Andries mei in knypeach: "Enterprise, meitsje mar romte yn de ynbox, want de factuer komt deroan!"
En sa ried de Lynk & Co, op ‘e nij yn pracht en praal, de Fryske diken wer op. En Andries? Dy gong wer fierder mei it rêden fan klanten, as in echte Fryske myte.
Ein goed, alles goed.
Hier doen we het voor...